Wurk oan Ljouwerter Skrâns duorret langer; freed is oergong noch ticht

25 nov 2020 - 16:38

De wurksumheden oan it spoar op 'e Skrâns yn Ljouwert duorje langer as foarsjoen. Dêrtroch is de Skrâns ek freed noch ôfsletten. Yn de oerwei binne twa nije flierren lein, om de ynset fan de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins mooglik te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Dy flierren yn de oergong binne wat fersakke en dêrom moat der freed wat oan dien wurde om dy wer op hichte te krijen. "Dat is ferfelend, mar foar it grutste part is it wurk al dien. De oerwei hat al in dûbeld spoar, de baan leit deryn en it perron is útwreide. We binne goed op wei", seit Richard Reitsma fan de provinsje.

Tiisdeitemoarn ride de treinen wer en kin al it ferkear de oergong wer brûke. Ek de perrons yn Feanwâlden en Hurdegaryp wurde oanpast sadat de sneltrein 14 desimber ride kin.

Fytsers en kuierders kinne freed dus noch net by De Skrâns oerstekke. Se wurde omlaat fia it stasjon. Fan sneontemoarn 6.00 oere ôf kinne dizze beide groepen wol wer oer de oergong.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie op de Skrâns

De ûndernimmers oan de winkelstrjitte binne goed op de hichte brocht oer de wurksumheden. Guon ha der net folle lêst, oaren ha derfoar keazen om ticht te gean.

Passanten wurde frege oer te stekken nei ien kant. De snackbar oan de 'stille' kant fernimt dat fuort. By him rinne gjin minsken mear del en komt der amper folk yn de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)