Is it wol of net te drok yn bussen? Arriva is it net iens mei FNP en CU

25 nov 2020 - 18:05

Guon Fryske buslinen sitte yn de spits te fol, dat fine de fraksjes fan FNP en ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. De fraksjes sizze klachten krigen te hawwen fan reizgers dy't harren net komfortabel fiele yn de grôtfolle bussen. Arriva sprekt de partijen lykwols tsjin: neffens de ferfierder falt it wol ta.

Ien fan de foto's: Line 70 Sint-Anne - Foto: FNP Steatefraksje

Ferfierder Arriva is it net iens mei it byld fan te folle drokte yn de bus en lit witte: "We herkennen ons niet in het beeld van een (flinke) toename aan reizigers. Wat we wel merken is dat het soms op bepaalde tijden en lijnen wat drukker is, bijvoorbeeld tijdens de 'spits' en lijnen van en naar scholen. We monitoren het aantal reizigers nauwgezet en passen daar waar mogelijk en nodig de dienstregeling op aan."

Arriva seit net, fraksjes sizze wol

Wopke Veenstra fan de FNP hat lykwols minsken frege om foto's fan de situaasjes yn de bussen te stjoeren. "Fan dy bylden binne wy skrokken," sa seit er. Neffens FNP en CU binne de bussen dus somtiden wól te drok.

Hanneljen provinsje

Yn maaie hawwe partijen fragen steld oer it tal minsken yn it iepenbier ferfier en de sprieding fan harren. It kolleezje sei doe dat de provinsje goed tafersjoch hâldt en dat der wurke waard oan ôfspraken mei skoallen en ferfierders.

Ek die bliken dat de tsjinstregeling binnen twa wiken oanpast wurde kin as de coronasituaasje dêr om freget. "Wy freegje ús dan ek ôf wat der yn tuskentiid bard is? Folle bussen yn de spits binne yn dizze tiid tige ûnwinsklik," seit Matthijs de Vries fan de ChristenUnie. De partijen wolle dat it kolleezje mei Arriva yn petear giet en op de drokke linen ekstra bussen ynset yn de spits.

Harkje nei de steateleden De Vries (CU) en Veenstra (FNP)

(Advertinsje)
(Advertinsje)