Iepenbier Ministearje easket 3,5 jier sel tsjin Thialfsjitter

It Iepenbier Ministearje easket 3,5 jier selstraf yn it heger berop tsjin de skutter dy't op 7 jannewaris 2017 sakeman Bert Jonker beskeat by iisstadion Thialf. Dat is in stik leger as de eardere eask fan 5 jier sel. De 60-jierrige man hie in saaklik skeel mei Clafis-direkteur en reedrydsponsor Bert Jonker. De fertochte is yn 2019 feroardiele foar swiere mishanneling en ôfsparsing, mar it Iepenbier Ministearje wol dat de man ek foar deaslach straf krijt.
© CAMJO media
De fertochte waard in skoft nei it besjitten yn Spanje oanholden. De rjochtbank feroardiele him yn juny 2019 ta 30 moannen sel foar swiere mishanneling en ôfparsing. It Iepenbier Ministearje easke doe fiif jier sel. De fertochte likegoed as it Iepenbier Ministearje binne doe yn heger berop gien. It wapen wêrmei't der sketten is, is nea wer fûn.