HEA! Ferslave oan bankdrukken
Elbert Vastenbrug fan Poppenwier is 64 jier en behoarlik ferslave. Hast alle dagen komt er yn de sportskoalle om te bankdrukken. 175 kilo tilt er mei gemak op. Hy woe eins meidwaan oan it WK Bankdrukken, mar dat giet net troch. Dochs traint hy fanatyk troch, want yn foarm bliuwe is like belangryk.