Miljoenesubsydzje foar ûndersyk nei biologyske klok by Van Hall

25 nov 2020 - 14:31

Hoe hâlde je de biologyske klok sûn, yn in maatskippij dy't 24 oeren deis trochrint? Nederlânske ûndersikers fan ûnder oare Van Hall Larenstein yn Ljouwert wolle antwurd op dy fraach hawwe, en sette dêrom útein mei in grut ûndersyk hjirnei. Se krije hjir mar leafst 9,7 miljoen euro subsydzje foar.

Foto: Omrop Fryslân

Us biologyske klok kin net goed omgean mei in 24-oers ekonomy, en it is dus saak om te sjen hoe't dat better kin. It BioClock-consortium, dêr't ek Van Hall yn sit, sil dêrby net allinnich sjen nei wurkjende minsken, mar nei elkenien. En ek nei de natuer en de biodiversiteit.

Underwerpen lykas de sûnenseffekten fan ploegetsjinst, de biologyske klok yn it ûnderwiis en it effekt fan ljocht op ynsekten wurde yn it ûndersyk meinaam.

It ûndersyk duorret yn totaal seis jier. De hegeskoalle Van Hall Larenstein wurket hjiryn gear mei acht universitêre partners, en leden út de publike en semy-publike sektoaren, fan it RIVM oant en mei gemeenten en miljeu-organisaasjes.

Fisken

De hegeskoalle sil him yn it ûndersyk, tegearre mei de universiteit fan Leiden, benammen rjochtsje op fisken. "Wij gaan kijken naar licht, lichtvervuiling en vissen, naar de relatie daartussen", sa seit Jeroen Huisman, ûndersiker oan de hegeskoalle.

"Op dit moment is het hoofddoel dat we beter willen zien wat het effect van lichtvervuiling is op de samenleving en het individu. In ons onderzoek willen we kijken hoe vissen er mee omgaan, en of we dat weer terug kunnen herleiden naar de mens."

De hegeskoalle ferwachtet nei de simmerfakânsje mei it ûndersyk útein te setten.

Undersiker Jeroen Huisman fan Van Hall Larenstein

(Advertinsje)
(Advertinsje)