RIVM: 94 nije besmettingen en trije stjergefallen, lanlik flinke groei

25 nov 2020 - 14:17

Der binne de ôfrûne 24 oeren 94 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der trije minder as tiisdei, doe wiene it der 97. It trochsneed tal besmettingen oer de lêste sân dagen is 104.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (24). Dêrnei komt Ljouwert (19).

Yn Fryslân binne sûnt tiisdei wer trije nije stjergefallen meld. It giet om twa bewenners fan Waadhoeke en ien fan Súdwest-Fryslân. It totale tal stjergefallen sûnt it begjin fan de corona-útbraak leit no op 128.

It RIVM meldt woansdei twa nije sikehûsopnamen yn Fryslân, ynwenners fan Súdwest-Fryslân en Waadhoeke.

Lanlik hast tûzen mear

Lanlik binne der 4.947 nije besmettingen fêststeld. Dat binne der in soad mear as tiisdei, doe wiene it 3.970.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)