CDA Ljouwert wol solidariteit foar ôffalprobleem: diftar past net yn de stêd

25 nov 2020 - 14:03

It CDA yn Ljouwert wol net dat de ynwenners it ôffal de kilo betelje moatte. Dizze wike praat de Ljouwerter ried oer in foarstel 'Goed scheiden loont', it saneamde diftar-systeem. It kolleezje, mei dêryn ek it CDA, wol dat graach ynfiere. Mar de fraksje fan de partij is der dus op tsjin.

Foto: Omrop Fryslân

Yn it plan moatte minsken alle kearen betelje dat de grize kontener lege wurdt. Der wurdt de kilo in bedrach trochrekkene. Yn gemeentlike stikken stiet dat de ynwenners yn trochsneed fiif euro minder kwyt binne oan it ôffal. "Dat kin bêst", seit fraksjefoarsitter Sytse Brouwer fan it CDA. "Mar we binne benaud dat guon groepen dêr de dupe fan wurde."

Brouwer tinkt oan bygelyks húshâldens mei trije bern, mei in poppe yn de ruften of minsken yn de flat mei húsdier dy't faak jiske fuortsmite moatte. "Sokke minsken binne mear jild kwyt."

Solidêr wêze

Der moat wol wat gebeure oan de grutte bulte smoargens, fynt de CDA-fraksje. "We binne it der wol mei ús dat we it mei ús allen betelje moatte, mar yn dit gefal wolle we mear solidariteit. De bulte ôffal moat minder wurde. Mar dat moat troch better te skieden en minder troep te meitsjen."

Yn in stêd as Ljouwert ferwachtet Brouwer dat diftar net wurket. "Sjochst wat in twadieling yn Nederlân", seit Brouwer. "Yn plattelânsgemeenten wurdt diftar bêst goed tapast. Mar yn grutte stêden giet it minder. We ha it foarbyld fan Enschede: it skieden is dêr hiel lestich, omdat in protte minsken yn de flat wenje en gjin trije konteners ha. En sy kinne ek minder maklik guod keapje mei minder ferpakkingsmateriaal."

Sytse Brouwer

Trefwurden: 
Ljouwert CDA ôffal Diftar
(Advertinsje)
(Advertinsje)