Harns krijt eigen Monopoly-edysje

25 nov 2020 - 13:48

Harns krijt in eigen edysje fan it boerdspul Monopoly. Net inkeld de strjitten, stasjons en nutsbedriuwen binne ferfongen, ek de foarmjouwing fan it spul en de ynhâld fan de Kans- en Algemeen Fondskaarten binne oanpast oan de havenstêd.

De Noorderhaven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân

De strjitten rinne fan de goedkeape Blomstrjitte yn Winaam oant de djoere Noorderhaven yn Harns. Oare bekende nammen binne De Bazuin, Blauwe Slenk en it Franekereind. Bedriuwen en ynstellingen as De Port of Harlingen en sâltfabryk Frisia Zoutfabriek ha ek in plak krigen op it boerd.

Monopoly bestiet al mear as 80 jier en is oer de wrâld it meast spile boerdspul. Earder kamen der al edysjes mei Ljouwert en Fryslân út.

Trefwurden: 
Harns Monopoly boerdspul
(Advertinsje)
(Advertinsje)