Ljouwerter stedhûs kleuret oranje; omtinken foar geweld tsjin froulju

25 nov 2020 - 13:02

Oerheidsgebouwen, brêgen en mûnen krije fan dizze woansdei ôf in oranje kleurke. Net yn de farve, mar yn ljocht. It is ûnderdiel fan de wrâldwide kampanje tsjin geweld tsjin froulju. Dizze 25 novimber is útroppen ta 'Ynternasjonale dei foar it útbannen fan geweld tsjin froulju'. Oant 10 desimber dogge mear as hûndert lannen mei oan de kampanje. Yn Ljouwert kleuret it stedhûs oranje.

Foto: Kappers Media

"It stedhûs kleuret fan fiif oere middeis ôf oranje", seit Hilde Tjeerdema, wethâlder yn Ljouwert. "Dêrneist is der benammen op sosjale media in kampanje om it ûnderwerp mear besprekber te meitsjen."

Sa kin mei Veilig Thuis chat wurde. "Mar we wolle ek foaral de oprop dwaan om advys te freegjen hoe om te gean mei sokke situaasjes. Om it leechdrompeliger te meitsjen, praat deroer en sykje kontakt mei oaren."

Mei de lockdown yn de coronatiid kamen minsken mear thús te sitten. It tal meldingen fan geweld liket lykwols ta te fallen, mar doe't de bern net nei skoalle gienen, wienen der minder kontaktmominten. "De minsken dy't it dreech hienen, ha it no noch dreger krigen. De minsken dy't al klem sieten, stean noch mear ûnder druk."

Wethâlder Hilde Tjeerdema

De Wereldgezondheidsorganisatie melde earder dit jier dat ien op de trije froulju oer de wrâld te krijen ha mei fysyk of seksueel geweld, faak dien troch de partner. Troch corona is it geweld tsjin froulju tanaam.

Mei de hashtag OrangeTheWorld wurdt op sosjale media omtinken frege foar it ûnderwerp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)