Plysje hâldt trije minderjierrige Drachtsters oan foar besykjen strjitrôf

25 nov 2020 - 12:29

De plysje hat trije jonges út Drachten oanholden op fertinking fan it besykjen fan in strjitrôf. De jonges binne 16 en 17 jier âld.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

Tiisdeitejûn nei njoggenen krige de plysje in melding fan in tsjûge dy't seach dat fjouwer jonges achter in man oanrûnen op de Zuiderbuurt. Se bleaune him folgjen en de tsjûge fertroude it net en belle de plysje.

Dy plysjes wiene gau teplak, wêrnei't de fjouwer fertochten fuortrûnen. Nei in achterfolging hat de plysje trije jonges oanholden. Yn dy achterfolging waard in mes fuort smiten en in pûdsje, wêrfan't de plysje tinkt dat der drugs yn siet. Dy binne yn beslach naam. De trije jonges wurde woansdei heard. It mooglike slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
plysje Drachten strjitrôf
(Advertinsje)
(Advertinsje)