Feanster farwei ferdjippe foar feartferkear

25 nov 2020 - 10:56

Om te soargjen dat it wetter djip genôch bliuwt foar de skipfeart, baggeret de provinsje de farwei nei It Hearrenfean. It giet om it part tusken de haven de Welle flakby It Hearrenfean en it Prinses Margrietkanaal.

Foto: Provinsje Fryslân

It stik dat baggere wurdt, is sa'n alve kilometer. De farwei is tsien jier lyn foar it lêst baggere. It skip de Albatros hellet sa'n 33.500 m³ bagger út de farwei.

It slib giet nei de provinsjale depots Meersloot (by Warten) en de Koevorde (by Langwar). De provinsje kin dat slib opnij brûke by it meitsjen fan kaden en dammen op oare plakken.

It wurk moat klear wêze yn april 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)