Paden op begraafplak yn Harich krije nij uterlik; skulpen foar natuerlike útstrieling

Op it gemeentlik begraafplak fan Harich wurde dizze wike de kuierpaden ferbettere. It haadpaad wurdt asfaltearre, mei dêrop in laach skulpen. Gemeente De Fryske Marren kiest foar in natuerlike útstrieling. Earder is dat ek sa op in begraafplak op De Lemmer dien.
Paden op begraafplak yn Harich krije nij uterlik; skulpen foar natuerlike útstrieling
De earste wurksumheden binne al dien; it asfalt leit derop, mar sa bliuwt it net. "It liket no krekt op in autodyk en dat kin de bedoeling net wêze op in begraafplak", seit behearder Ruurd Hoekstra. Der is keazen foar in hurde ûnderlaach om't dat handiger is foar it ûnderhâld. "Op inkeld skulpepaden komt maklik túch troch en dit asfalt is moai stevich."
It wurk soe moandei al begjinne, mar de ûndergrûn moast earst flak makke wurde. Dizze wike binne se noch wol dwaande mei de ôfwurking en by in begraffenis lizze se it wurk fansels stil.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei de behearder
By de yngong stean grutte masines, mar by de kuierpaden is lytser materieel ynset. "De paden zijn smaller en daarom is dit materieel uit de schuur gehaald", seit útfierder Remon Mekeman. "We doen dit werk vaker, maar het is altijd weer speciaal vanwege de plek."
Om de grêven te beskermjen, dekke se dy ôf mei plestik. "We brengen tussen de asfaltlagen in een kleeflaag aan om te zorgen dat de asfaltlagen aan elkaar blijven plakken. Die lijmlaag spuiten we erop en dat zwarte spul moet niet op de graven komen, dus daarom dekken we die preventief af."
De gemeente De Fryske Marren soe mear begraafplakken op dizze wize opknappe wolle, mar dat is in sintekwestje. Behearder Hoekstra is der yn alle gefallen hiel wiis mei. "It resultaat wurdt hiel moai."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei de útfierder