Lokale produkten krije grutter plak yn nije supermerk Holwert

Holwert hat in nagelnije supermerk. Nei tsien dagen fan ferbouwen binne de doarren wer iepen fan de Coop. Tige wichtich foar it doarp as foarsjenning, mar ek wichtich foar in protte lokale bedriuwen, want yn de skappen lizze neist de gebrûklike en ferneamde merken ek in soad lokale produkten.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Guon ierappels komme bygelyks fan in bedriuw dat mar 700 meter fan de supermerk ôf leit. It is ien fan de foarbylden fan de streekprodukten dy't der no lizze.

"We litte mem net smoare"

Willem Verbeek hat de supermerk mei syn frou oernaam fan syn mem. Dy runde de winkel mei har man. "Twa jier lyn waard ús heit siik", fertelt Verbeek. "Hy die de winkel fjirtich jier lang mei ús mem, mar hy is ûntfallen. Mar we ha altyd sein: we litte mem net smoare."
En dus holp Verbeek, dy't yn de eveneminte-yndustry wurke, syn mem yn de winkel, benammen winters. Mar no leit de evenemintewrâld folslein stil en dus wy dit in moai momint om de oerstap definityf te meitsjen. "Ik sei: we baarne deryn! Myn frou wie ek entûsjast, dus sa kinne we it famyljegebeuren moai trochsette."
Willem Verbeek naam de supermerk oer fan syn mem
Troch syn broer, dy't yn de projektgroep Holwert oan See sit, kaam Verbeek yn kontakt mei Visit Wadden, in gearwurking fan marketingorganisaasjes lykas Merk Fryslân. "Dan tinke je: hoe kinne we ek yn de detailhannel dit moaie gebiet sjen litte? Hoe kinne we dit UNESCO-wrâlderfgoedgebiet deroan ferbine? It is moai om dy eleminten wat byelkoar te smiten. Dêr is dizze winkel útkaam, mei de lokale produkten."

Heit soe tige grutsk wêze

Mem Verbeek fynt it geweldich. "Prachtich! Sa moai wat se derfan makke ha. Ik die dit altyd tegearre mei myn man, hy soe no 'apetrots' wêze." Ek it lokale produkt befalt har: "Al dy lytse ûndernimmers en pleatslik produkt, dat moat bliuwe. Sy moatte derby belutsen wurde."