Seldsume gouden munt fûn by archeologysk ûndersyk by Cambuurstadion

25 nov 2020 - 07:01

Oant de lêste dei fan it archeologysk ûndersyk by it eardere slot Camminghaburg yn Ljouwert binne bysûndere saken fûn. Bygelyks stikken fan djoer diggelguod, in tapkraan, in gasp en ek munten. Ien dêrfan is fan goud, en dat is seldsum.

Archeolooch André Pleszynski lit sjen wat se fûn ha:

Gouden munt fûn by Cambuur

Nei fjouwer wiken fan yntinsyf graven kamen twa grêften en ôffalkûlen fol 17e-iuwsk guod foar it ljocht. Bygelyks stikken fan djoer diggelguod, in tapkraan, klaaipypkes, in gasp en ferskate munten. Dêrfan is der ien fan goud en dy fine je net faak, seit archeolooch André Pleszynski.

"Het komt uit de mestkuil en is helemaal opgerold. Het is waarschijnlijk een goudgulden of een Franse écu d'or. We kunnen hem nog niet vinden. Hij heeft leuke schildjes en we gaan nog zoeken wat het precies is. We zijn heel tevreden hiermee."

Fan de fynsten is in liveblog makke op de website fan it MUG-yngenieursburo. En der wurdt mei in 3D-scan in oersjoch makke fan de grêften en de fûneminten.

Archeologen oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)