Provinsje hâldt Cambuurmiljoenen yn de bûse salang't kontrakten net rûn binne

25 nov 2020 - 06:04

De provinsje Fryslân hâldt it jild yn de bûse, dat ornearre wie foar bou fan it nije Cambuurstadion. "Alle contracten met de partijen moesten rond zijn. Daaraan is niet voldaan, en dat maakt dat we het bedrag nog even zelf houden", seit deputearre Avine Fokkens.

Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Avine Fokkens

It jild wie net bedoeld foar it stadion sels, mar foar de omjouwing: nije winkels bygelyks, sportakkommodaasjes en in bioskoop. "Het is niet de bedoeling dat er provinciaal geld gaat naar een voetbalstadion", seit Fokkens. Se hâldt it bedrach beskikber. "We hopen nog steeds dat het doorgaat. Maar we gaan niet over tot uitbetalen."

De ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion sit yn swier waar, no't de ûntwikkelder him weromlutsen hat. De 'business case' soe net rûn te krijen wêze. De gemeente Ljouwert is dwaande mei in claim, om de skea te ferheljen op de ûntwikkelder.

Fokkens tinkt net dat se de boel fierder yn de problemen bringt, troch de provinsjale miljoenen yn de bûse te hâlden. "Het bedrag staat nog steeds in de boeken. Als we het eruit zouden halen, kan ik me voorstellen dat het wankel zou worden, maar dit moet geen verschil maken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)