NAM betellet glêsfezel yn Blije as kompensaasje foar gasboarringen
Alle ynwenners fan Blije wurde oansletten op it glêsfezelnet, op kosten fan de NAM. Sa wol de Nederlandse Aardolie Maatschappij de ynwenners kompensearje foar gasboarringen dy't noch komme moatte.
It giet om ien glêsfezeloansluting it húshâlden, sûnder ferplichtingen. It doarpsbelang fan Blije is dêr tige wiis mei. Fanút it doarp kamen der in protte reaksjes op it beslút fan de NAM.
De wurksumheden moatte meikoarten begjinne.

RTV NOF
Dit is in artikel fan RTV NOF. De streekomrop fan Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel docht ferslach fan alles wat der bart yn dy gemeenten. Ek folgje se it nijs op It Amelân en Skiermûntseach. RTV NOF en Omrop Fryslân wurkje yntinsyf gear.