Drachtster frou (43) triuwt baarnende krante troch brievebus 'omdat se har ferfeelde': selstraf fan fiif moannen

24 nov 2020 - 19:40

In 43-jierrige frou út Drachten dy't earder dit jier in pear kear brân makke hat yn har wenplak, hat in finzenisstraf krigen fan fiif moannen. Se hie twa sketten by in flatgebou yn de brân stutsen en in brânende krante yn in brievebus treaun. Se sei dat se dat dien hie omdat se har ferfeelde. De frou hat in ferstanlike beheining.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Troch de coronakrisis miste de frou har frijwilligerswurk, hie se gjin deibesteging mear, en krige se ek gjin begelieding mear. Neffens saakkundigen kin se har sels net goed rêde as sekerheden yn har libben fuortfalle. Se wurdt op it stuit behannele yn de GGZ-klinyk yn Frjentsjer. Dat moat se fan de rjochter ôfmeitsje. Dêrnei komt se yn in projekt fan begelaat wenjen.

De selstraf fan fiif moannen is gelyk oan de tiid dy't se al fêstsitten hat.

Neffens de rjochtbank hat de frou net allinne gefaarlike sitewaasjes feroarsake, mar ek soarge foar gefoelens fan ûnfeiligens en ûnrêst by omwenners. Yn deselde perioade wiene der yn de omjouwing mear brantsjes. De frou seit dat se dêr net ferantwurdlik foar wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)