Underwiiskoepel CVO-nwf fynt langere krystfakânsje gjin goed idee

24 nov 2020 - 18:00

Skoalkoepel CVO-nwf is net posityf oer in langere krystfakânsje foar skoalbern. It Outbreak Management Team (OMT) wol ûndersykje litte oft de krystfakânsje dit jier in wike langer duorje kin, mar neffens de skoalkoepel soe dat net goed wêze foar de learlingen. "Dat zou betekenen dat de continuïteit nog verder onder druk komt. En dat is gewoon niet goed voor onze leerlingen, dus daar zal ik niet zo snel enthousiast over worden", seit Joost Visser, bestjoerder fan CVO-nwf.

In lege skoalklasse - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn de hjerstfakânsje hat it OMT sjoen dat de besmettingen ôfnaam binne. In diel fan de saakkundigen tinkt dat it ûnder oaren komt troch de sluting fan de skoallen.

Efterstannen

Neffens Visser wurde efterstannen fan de bern wurde allinnich mar grutter as sy net mear nei skoalle kinne. "Ik zou bijvoorbeeld heel benieuwd zijn naar wat ze precies bedoelen met een kerstvakantie van drie weken. Is dat echt een vakantie, of betekent het twee weken kerstvakantie en een week afstandsonderwijs. Dat is natuurlijk wel wat anders", seit Visser.

"Wij als school zitten ook vooral op de continuïteit van het onderwijs. 2020 is nou niet bepaald een goed onderwijsjaar door alle uitval die we hebben gehad. Dus we gaan het liefst zoveel mogelijk door", sa seit Visser.

Parsekonferinsje

Ek efter de skermen fan it OMT is der ferdieldheid oer de plannen. In oantal deskundigen twivelet oer yn hoefier't de skoallen it firus ferspriede. It advys fan it OMT is in tuskenadvys. Op 8 desimber sille premier Rutte en minister de Jonge wer in parsekonferinsje hâlde.

Bestjoerder Joost Visser fan CVO-nwf

(Advertinsje)
(Advertinsje)