'Grinzer (19) waard ûntfierd yn Ljouwert fanwegen ûnderdûkende hasjdief'

De Grinzer dy't yn septimber foarich jier ûntfierd en mishannele efterlitten waard yn de Griene Stjer by Ljouwert , siet yn de hasjhannel. Dat skriuwt RTV Noord op basis fan in ferklearring fan ien fan de fertochten. De man waard ûntfierd om't hy syn jild werom woe en witte woe wêr't de dief wie. Moandei stiene fjouwer Ljouwerters terjochte foar de ûntfiering en mishanneling fan de 19-jierrige fertochte en tiisdei nochris twa.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ien fan de fertochten op tiisdei die it boetekleed oan. De 27-jierrige Ljouwerter, dy't de sjauffeur wie fan de auto wêryn't de jonge twongen waard om yn te stappen, seit dat hy allinnich ferantwurdlik is foar de mishanneling fan de fertochte.
De haadfertochte hie fia in freon in heale kilo hasj kocht. De oanbetelling fan 1.000 euro wie dien, it guod hoegde allinnich noch mar levere te wurden. De man mei wa hy saken dien hie, wie lykwols mei de noardersinne en 1.000 euro ferdwûn.

Griene Stjer

It slachtoffer waard meinaam nei De Griene Stjer yn Ljouwert. Dêr waard hy fêstbûn, mishannele, en oergetten mei terpentine en yn in sleat goaid. De haadfertochte, dy't earder al ris feroardiele waard foar ynbraak en ferskate drugsdelikten, hat syn freondinne al taret op in finzenisstraf fan fjouwer oant fiif jier.
Oft de offisier fan justysje dat easkje sil, is net bekend. Dat wurdt tongersdei bekend. Freed krije de advokaten en de fertochten noch it wurd. De útspraak is op 18 desimber.
Ferslachjouwer Noor Vloeimans fan RTV Noord oer de ûntfiering