WK ôfstannen 2021 net yn Sina mar yn Thialf op It Hearrenfean

24 nov 2020 - 16:35

De WK ôfstannen fan 2021, dy't yn Sina wêze soene, binne yn febrewaris op It Hearrenfean. Dat hat it reedrydbûn ISU bekend makke. It evenemint wurdt holden fan 11 oant en mei 14 febrewaris. It kin net yn Sina holden wurde, fanwegen de coronakrisis.

Foto: Orange Pictures

Der komme strange coronaprotokollen. Dat meldt de KNSB. De reedriders geane yn in 'bubbel', om de kâns op in coronabesmetting sa lyts mooglik te meitsjen. Thialf hat dêr ûnderfining mei.

Ein oktober wie it NK ôfstannen op Thialf in test om te sjen hoe't de coronabubbel útpakke soe. De KNSB en de feilichheidsregio wiene dêr doe tefreden oer.

Omrop Fryslân makke dizze reportaazje oer de maatregels op it NK.

"We zijn blij dat er, ondanks de beperkingen, toch nog zo veel mogelijk is gebleken", seit technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB. "We hebben mooie, coronaproofe NK's achter de rug. Met deze reeks internationale wedstrijden krijgen we ook nog de competitie die onze toppers hard nodig hebben in aanloop naar de Spelen van Beijing."

De bêste langebaanriders fan de wrâld binne begjin takom jier al yn Fryslân, omdat de EK Allround en Sprint yn jannewaris op it programma steane, krekt as twa wrâldbekerwedstriden.

De WK ôfstannen binne it slot fan it ynternasjonale langebaanseizoen, dat der fanwegen de coronapandemy hiel oars útsjocht as fantefoaren tocht waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)