Twa jier sel easke foar oerfal op blommesaak yn Wolvegea

24 nov 2020 - 16:21

It Iepenbier Ministearje easket twa jier sel tsjin in útprosedearde asylsiker dy't yn augustus de blommesaak op it stasjon fan Wolvegea oerfallen hat. De 26-jierrige man bedrige de meiwurkster fan de saak mei in stanleymes en easke jild. Hy krige 110 euro mei en rûn de winkel út. In tsjûge koe in goed sinjalemint jaan en sadwaande koe de fertochte even letter oanhâlden wurde. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Foto: Pixabay

Doe't de man oppakt waard, hy hie it jild noch by him, mar it mes is net weromfûn. De man is earder feroardiele ta acht wiken sel foar bedriging en mishanneling.

Trefwurden: 
Wolvegea stellerij rjochtbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)