Fjirde fertochte oanholden nei fjoerwurkfynst Waadhoeke, dûane wurket mei oan ûndersyk

De plysje hat in fjirde fertochte oanholden yn ferbân mei it fjoerwurk, dat fûn is yn de gemeente Waadhoeke. Yn totaal is der 380 kilo fjoerwurk oantroffen. Neffens de plysje giet it om 'swier en profesjoneel' fjoerwurk.
Fjoerwurk
By ynfallen yn Tsjom en Tsjommearum hat de plysje net allinne fjoerwurk fûn, mar ek 60.000 euro yn kontanten, himptoppen, sigaretten, en guod dêr't de plysje fan tinkt dat it stellen is: túnark, in skooter, en 'een landbouwvoertuig'.
Earder melde de plysje al dat trije fertochten oanholden wiene. No binne dat fjouwer: trije mannen fan 19, 45 en 65 jier âld, en ien frou, fan 38 jier.
Neffens de plysje is dit net de earste grutte fynst, en wurdfierder Ingrid Coenen ferwachtet 'zeker' dat der noch mear fûn wurdt. Se ropt minsken op om de plysje te beljen, as se wat sjogge dat fertocht is. De fynsten yn de gemeente Waadhoeke binne dien nei in melding by Meld Misdaad Anoniem.
De plysje is noch altyd dwaande mei it ûndersyk, yn gearwurking mei de dûane.