HEA! De leafde fan muzykfenomeen Wobbe van Seijen
Platen en muzyk binne syn libben. Wobbe van Seijen út Ljouwert is al fan syn 12e jier ôf fereale op alles wat dêrmei te krijen hat. Nei in grutte brân yn syn platesaak op de Voorstreek yn Ljouwert april dit jier start hy dochs syn winkel wer opnij op. Wobbe konfrontearret himsels deistich en rint dan troch it ferbrânde pân. Mar hy fielt him sterke troch alle leafde om him hinne en wol allinnich noch foarút sjen.
Hea! de leafde fan Wobbe van Seijen

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.