Ferlet fan húsdokters: 15 iepensteande fakatueren

24 nov 2020 - 15:25

De kampanje '11huisartsen' fan de Fryske húsdoktersferiening om mear jonge kollega's nei Fryslân te heljen hat yn in jier tiid fiif nije húsdokters holpen om harren yn Fryslân te fêstigjen. Der steane lykwols op de webside fan de kampanje alwer alve nije fakatueren. Net allinne op it plattelân is der grut ferlet fan húsdokters, ek yn de stêd Ljouwert binne fiif fakatueren.

Foto: Omrop Fryslân

De húsdoktersferiening wurket yn de kampanje '11huisartsen' gear mei soarchfersekerders en de provinsje Fryslân om in passend plak foar de nije dokters te finen. Sûnt 2019 hawwe se foar fiif húsdokterspraktiken in nije húsdokter fûn. Der binne lykwols noch in soad fakatueren dy't iepenstean. De grutste reden foar it hege tal fakatueren, is dat Fryslân in soad húsdokters fan yn de sechstich hat. Der giet dêrom geregeld in húsdokter mei pensjoen.

Opliede

De húsdoktersferiening hat mei '11huisartsen' in soad ûnderfining op dien. Sa wolle se no Fryske praktiken stimulearje om opliedingspraktyk te wurden. As dat harren goed foldocht, dan bliuwt sa'n húsdokter yn oplieding ek faak hingjen.

Maatwurk

De kampanje is derop rjochte om húsdokterspraktiken en húsdokters mei-inoar yn kontakt te bringen. Dat is faak maatwurk. In húsdokter fan de jongere generaasje wol bygelyks faak oars wurkje as in âldere húsdokter. Ek in húsdokterspraktyk sels moat hjoed-de-dei faak oan oare easken foldwaan as 20 of 30 jier lyn.

De subsydzjepot dy't de provinsje foar de nije húsdokters beskikber steld hie om te praktyk yn te rjochtsjen of te ferbouwen, hie dan ek in positive ynfloed. Provinsje Grinslân hat it foarbyld fan Fryslân folge, en hat no ek sa'n selde potsje. Oft it Fryske potsje wer folle wurdt, is lykwols noch mar de fraach.

Ferslachjouwer Onno Falkena oer it tekoart oan húsdokters

(Advertinsje)
(Advertinsje)