Theo Hiddema fuortendaliks fuort út Keamer nei krisis by Forum

Theo Hiddema hâldt fuortendaliks op as Twadde Keamerlid foar Forum voor Democratie. Keamerfoarsitter Khadija Arib makke it nijs bekend, troch in brief fan Hiddema foar te lêzen.
Theo Hiddema fuort út Twadde Keamer
Hiddema (76) is berne yn Holwert. Hy siet sûnt 2017 yn de Keamer, tegearre mei Thierry Baudet. Syn partij sit op dit stuit yn krisis. Baudet hat koartlyn bekendmakke dat er ophâldt as foarsitter, partijlieder en listlûker.
"Ik heb mijzelf politiek arbeidsongeschikt verklaard", skriuwt Hiddema yn de brief. "Vanwege opspelende persoonlijke omstandigheden, verband houdende met goede smaak, eigendunk en arbeidsvreugde."
Foarich jier waard Hiddema mei foarkarstimmen keazen yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy hat syn sit doe net ynnaam.
Onno Falkena oer de politike karriêre fan Theo Hiddema