Susters fan Makkingeaster sekstoerist feroardiele ta selstraffen

24 nov 2020 - 14:58

Twa susters fan 80 en 81 jier âld binne troch de rjochtbank yn Zwolle feroardiele ta in healjier sel foar it omkeapjen fan in tsjûge yn it strafproses tsjin harren broer út Makkingea. Dy waard yn Nepal feroardiele foar ûntucht mei in minderjierrige.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De bernepsychiater út Makkingea waard yn 2018 yn Nepal oppakt yn in hotelkeamer yn it bywêzen fan in jonge. Yn ôfwachting fan syn proses reizgen syn susters nei it lân. De rjochtbank achtet bewiisd dat de susters besochten it strafproses tsjin harren broer te beynfloedzjen. Se beane in slachtoffer tsientûzenen dollars om syn ferklearring yn te lûken. Ien fan de susters ferstoppe boppedat hurde skiven fan har broer yn 'e hûs, wêrop't berneporno stie.

De fraach wie oft it Iepenbier Ministearje yn Nederlân him bûge mocht oer dizze kwestje dy't him yn Nepal ôfspile. Mar in part fan de dieden fan de susters spile him ôf yn Nederlân, sa seit de rjochtbank, wêrtroch't it IM de twa ferfolgje mocht. De susters besochten de húshâlding fan de jonge en beane in oansjenlik bedrach oan. It bewiismateriaal bestiet ûnder mear út mailberjochten wêryn't de bedragen befêstige wurde.

Tsjin de susters wie in jier sel easke. De rjochtbank komt leger út sjoen de hege leeftiid fan de froulju. Ek hawwe se gjin strafblêd. Neffens it IM komt it yn Nepal faker foar dat it bern of de âlders dêrfan omkocht wurden, sadat in rjochtsaak foarkaam wurdt. De saak is unyk om't in Nederlânske rjochtbank net earder útspraak dien hat yn in fergelykbere saak.

Harren broer waard ein 2018 yn Nepal ta sân jier sel feroardiele foar it misbrûken fan twa minderjierrige jonges. Hy kaam earder frij en soe wer yn Nederlân wêze, Ek hjir driget hy ferfolge te wurden.

Trefwurden: 
rjochtbank Makkingea Nepal
(Advertinsje)
(Advertinsje)