RIVM: 97 nije besmettingen yn Fryslân, trije nije stjergefallen

Der binne de ôfrûne 24 oeren 97 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der 28 minder as moandei, doe wiene it der 125. It trochsneed tal besmettingen oer de lêste sân dagen is 107.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (28). Dêrnei komt Ljouwert (22).
Yn Fryslân binne sûnt moandei trije nije stjergefallen meld. It giet om twa bewenners fan Noardeast-Fryslân en ien fan De Fryske Marren. It totale tal stjergefallen sûnt it begjin fan de corona-útbraak leit no op 125.
It RIVM meldt tiisdei ien nije sikehûsopname yn Fryslân, in ynwenner fan Noardeast Fryslân.

Reproduksjegetal wer boppe de 1

Lanlik binne der 3.979 nije besmettingen fêststeld. Dat binne der in soad minder as de ôfrûne dagen. Moandei wiene it 5.207.
It 'reproduksjegetal' leit wol wer boppe de 1. It is no 1,02, wylst it ferline wike 0,89. It getal jout oan hoe rap oft it firus him ferspriedt ûnder de minsken. As it getal boppe de 1 leit, ferspriedt it firus him rapper.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.