Fries Verzetsuseum hellet portret vegan streaker fuort: "Hier trekken we een grens"

24 nov 2020 - 14:13

It portret fan vegan streaker Peter Janssen wurdt út it Fries Verzetsmuseum helle. De streaker en biste-aktivist is ferline wike feroardiele foar brânstifting. De tentoanstelling dêr't syn portret te sjen wie giet oer frijheid. "Omdat hij de algemene veiligheid in gevaar heeft gebracht, vinden we zijn verhaal niet meer geschikt voor een gesprek over vrijheid", seit Kris Callens fan it Fries Museum, dêr't it fersetsmuseum ûnderdiel fan is.

Foto: Facebook Peter Janssen

De vegan streaker jout syn eigen frijheid op foar bisterjochten. Dat wie wol in nijsgjirrich útgongspunt. "Niet per se vanwege zijn standpunt, maar wel om met het publiek in gesprek te gaan: waar vinden we dat de strijd om vrijheid moet ophouden? Maar hier trekken we een duidelijke grens."

Noch tsien oare portretten

No't it portret fan Janssen fuort is, steane der noch tsien oare portretten fan ferskate Friezen. "Zij hebben elk op een verschillende manier te maken met de grenzen van vrijheid. Ik hoop dat het gesprek daar nog steeds over kan gaan, wat die tien mensen meemaken. Dat blijft bijzonder waardevol."

Als we alleen mensen zouden portretteren die op het moment van hun handelen zich houden aan de wet, dan hadden we een leeg Fries Verzetsmuseum.

Kris Callens fan it Fries Museum

It portret fan Janssen wie al earder ûnderwerp fan diskusje, want in groep boeren wie it der net mei iens dat in biste-aktivist in plak krige. "Maar dat is het precies het debat", seit Callens. "Als we alleen mensen zouden portretteren die op het moment van hun handelen zich houden aan de wet, dan hadden we een leeg Fries Verzetsmuseum. Dat is precies waar het museum om gaat. Maar nu iemand mensenlevens in gevaar brengt en daarvoor veroordeeld wordt, dan past het voor ons niet meer."

Callens hat it noch net faker meimakke dat er om sa'n reden in wurk út it museum hellet. "We waren ons er wel van bewust dat het zou kunnen gebeuren, als je zo op het scherpst van de snede van de vrijheid opereert."

(Advertinsje)
(Advertinsje)