Museum Houtstad Drylts krijt 200 houtsoarten troch skinking

Museum Houtstad Drylts hat der yn ien kear 200 ferskillende houtsoarten foar yn de kolleksje by. De houtsoarten yn de foarm fan aaien en aailokjes komme fan in partikuliere skinking. It museum is der hiel wiis mei om't it hiel goed past yn it ferhaal dat se as relatyf nij museum besykje te fertellen.
"We hawwe it fan de soannen fan in man krigen dy't trije jier lyn stoarn is. Dy man hat nei syn wurksume libben as metaleman in nije hobby fûn: houtbewurkjen. Dat hat hy tweintich jier dien. Yn dy tiid hat hy alle mooglike houtsoarten sammele en dêr hat hy in aai fan makke en in aailokje", fertelt foarsitter fan it museum, Piet Hoogeveen.
De man hat al dizze aaien kodearre en al yn fitrinekasten set. De ferskate houtsoarten komme oeral wei, fan Suriname oant de plantsoenetsjinst fan de gemeente Alkmaar. "Der sitte bygelyks ek dopkes by wêrfan't ik tocht: ik wist net iens dat der hout fan wie. It klimmerblêd bygelyks, of in flinterstrûk. Dat hat hy der ek allegearre by. Dat is fansels hiel nijsgjirrich", seit Hoogeveen.

Fitrines

Net alle fitrinekasten kamen lykwols yn ien stik oan by it museum. "Ien fan de soannen kaam mei in plestik sek út de auto wei. Doe sei hy dat dêr ek noch allegearre aaien ynsieten. Ien fan de fitrinekasten wie fallen, dus alle aaien wiene trochinoar. In pear frijwilligers hawwe in pear middeis foar de fitrinen sitten om al dy aaikes wer op it goede plak te setten", seit Hoogeveen.
Neist aaien en aailokjes hat de man ek allegearre miniatueren makke. Ek dy binne no te sjen yn it museum.
Piet Hoogeveen, foarsitter fan Houtstad Drylts