Karbidsjitferiening Nijewier mei knalle: "We sprongen in gat yn de loft"

24 nov 2020 - 12:50

De regio's dêr't earder ek mei karbidsjitten waard, meie dat ek dit jier wer dwaan, op betingst dat de coronaregels hanthavene wurde. Ta dat beslút kaam it Veiligheidsberaad moandeitejûn. By de karbidsjitferiening fan Nijewier binne se bliid mei de útspraak, de fergunning en it coronadraaiboek hawwe se al regele.

Karbidsjitferiening Nijewier mei knalle:

Leonard van Hijum fan de karbidsjitferiening fan Nijewier: "We sprongen hast in gat yn de loft, sa bliid wiene we." Hy fertelt dat se al efkes senuweftich om it beslút west hawwe. "Wy binne al wiken dwaande. Wy binne bliid dat wy oant no ta oeral akkoart op krigen hawwe, it hâldt ús wol dwaande."

Benaudens

Se moatte harren wol oan in coronadraaiboek hâlde. Der stiet bygelyks yn dat de lanlike regels, sa as it hâlden fan oardel meter ôfstân, hanthavene sille wurde. "Minsken moatte om harsels en om inoar tinke." Van Hijum is wol benaud dat it in té grut sukses wurdt. "Mar ús eigen bestjoersleden rinne om en hâlde it yn de gaten."

Dy benaudens fielt Aant Jelle Soepboer fan de FNP net. "Der is hjir aanst noch gjin pakje poeiermolke te heljen, it is echt foar de leafhawwers." De FNP hat der alles oan besocht te dwaan om dizze útkomst te sjen. "Wy binne út de skroeven. Dit is de eksakte útkomst dy't wy sjen woene."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei Leonard van Hijum en Aant Jelle Soepboer

(Advertinsje)
(Advertinsje)