Justysje easket boete foar deadlik ûngelok dat 'ferkearsfout' wie

24 nov 2020 - 12:10

It Iepenbier Ministearje easket in boete fan 750 euro en in rydûntsizzing fan twa moannen ûnder betingst foar in 22-jierrige ynwenner fan Kollumersweach. Hy feroarsake goed twa jier lyn yn syn eigen doarp in oanriding mei deadlike ôfrin.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De man út Kollumersweach hie op 21 septimber 2018 yn syn wenplak in 70-jierrige fytser oanriden. It slachtoffer stoar oan syn ferwûnings. De fertochte woe de fytser ynhelje, dy't samar nei links útwykte. De autobestjoerder koe de fytser net mear ûntwike.

De offisier fan justysje konkludearre dat de bestjoerder in ferkearsflater makke hie. By it ynheljen hie er gas jûn om gau wer op de goede weihelte te kommen. Neffens de plysje ried er op it momint fan de oanriding op syn minst 56 kilometer yn 'e oere, wylst 30 it maksimum wie.

Modelboarger

De offisier hold der rekken mei dat de saak al twa jier âld wie. Ek hat de fertochte by de widdo fan it slachtoffer west en op kondoleânsje. De offisier neamde de man út Kollumersweach 'in modelboarger', wêrby't it even ferkeard gong is. De rjochtbank docht op 8 desimber útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)