Riedsleden Hearrenfean yn petear mei jongerein oer wolwêzen yn coronatiid

24 nov 2020 - 11:39

In tal riedsleden yn de gemeente Hearrenfean wol fan jongeren witte hoe't it mei se giet yn de coronatiid. Oanlieding is de oprop fan premier Rutte om mei jongeren te praten oer hoe't se harren fiele en wêr't se ferlet fan hawwe. Jongeren krije in fragelist dêr't se dat op oanjaan kinne.

It gemeentehûs fan Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fragelist is foar jongerein tusken de 12 en 21 jier. De ynformaasje dy't de riedsleden sa by inoar krije, brûke se om in brief op te stellen foar boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean en foar minister-presidint Rutte, mei dêryn de soargen en de ideeën fan jongeren út Hearrenfean.

De jongerein helpt mei it ynfoljen fan de brief net allinnich de riedsleden, de boargemaster en de premier, mar kin der sels ek better fan wurde. Under de ynstjoeringen wurdt in kadobon fan 50 euro ferlotte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)