Gesicht alzheimerkampanje 'Ik ben Wil' ferstoarn

Wil Vogt út Dokkum, it gesicht fan de kampanje 'Ik ben Wil', is ferstoarn. De kampanje, dy't begjin novimber ta in ein kaam, frege omtinken foar de sykte fan Alzheimer en hat hast 16.000 euro opsmiten. Wil Vogt waard ferline wike troffen troch ynwindich blieden, en is sneintemoarn ferstoarn.
© www.ikbenwil.nl
"We beseffen voor de tweede keer in korte tijd hoe bijzonder ze was voor velen", seit Titus Vogt, soan fan Wil en inisjatyfnimmer fan de kampanje, op de hûnderten reaksjes op de kampanje en Wil har ferstjerren.
Mei de aksje waard yn seis wiken tiid jild ophelle foar trije lokale inisjativen om de sykte fan Alzheimer draachliker te meitsjen. Frou Vogt sels hie de kampanje op ôfstân folge. "Ik vind het zo mooi dat zoveel mensen hebben bijgedragen om de ziekte wat draaglijker te maken voor wie het overkomt", sei se begjin novimber.