Stienzer wensoarchsintrum Skilhiem yn lockdown fanwegen meardere besmettingen

24 nov 2020 - 10:54

De bewenners fan wensoarchsintrum Skilhiem yn Stiens meie oant en mei 1 desimber harren appartemint net ferlitte. KwadrantGroep, dêr't Skilhiem ûnder falt, hat dizze maatregel naam fanwegen meardere coronabesmettingen binnen it sintrum. It giet om twa bewenners en ien meiwurker.

Foto: Google Street View

Ek op besite komme by de bewenners is oant en mei 1 desimber net mooglik. "Wij betreuren dit zeer, voor bewoners, naasten en de betrokken collega's, maar het is een noodzakelijke maatregel om verdere verspreiding van het virus zoveel mogelijk te voorkomen", skriuwt KwadrantGroep.

De meiwurker waard begjin ferline wike posityf test. Dêrnei binne ôfrûne freed sân bewenners út foarsoarch ek test en dêrút die bliken dat twa fan harren ek besmet binne mei it coronafirus.

Ein dizze wike wurde alle bewenners test. Bewenners dy't dan negatyf teste, kinne fan 2 desimber ôf wer út karantêne. Foar bewenners dy't op dat stuit wol posityf teste, bliuwe de maatregels fan krêft.

(Advertinsje)
(Advertinsje)