Tsjerke Nyegea yn de stegers: 'We hiene net tocht dat it sa min wie'

24 nov 2020 - 10:03

De tsjerke fan Nyegea hat al hiel wat restauraasjes ûndergien. Ek no stiet it gebou wer yn de stegers. By in ynspeksje waard in pear jier lyn dúdlik dat it lieden fan de klokken net mear feilich wie en dêrom wie it tiid foar in nije opknapbeurt. "We hiene net tocht dat it sa min wie", fertelt rintmaster Klaas Kingma.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De klokken hawwe sûnt dy ynspeksje in tal jierren lyn stil west, mar dat is net it iennige dat no oanpakt wurdt. Benammen it houtwurk wie net mear goed. "Dat wie mear ferrotte as we tochten", seit Kingma. "Dus dan fuort mar goed oanpakke en de steger derby."

It houtwurk wurdt dus opknapt, mar ek alles wurdt skildere en it foechwurk stiet yn de stegers. "It pleisterwurk sit ek los, dêr sitte skuorren yn. Dus dat wurdt ek neisjoen, dan stiet it der aanst wer pikobello by."

Bysûnder oan de tsjerke fan Nyegea is dat it der op it iene plak hiel oars útsjocht as op it oare plak. Dat hat mei eardere renovaasjes te krijen. "De binnenmuorre wie der hiel min oan ta. Doe is de iene kant bepleistere en oan de oare kant ha se der in hiele muorre omhinne set fan stien. Dat sjocht der hiel strak út." Dy ferbouwing wie yn 1850. Goed fjirtich jier letter pas is de toer derby kaam. "Dêrfoar wie it noch in tsjerkje mei in klokkestoel oan de sydkant."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei rintmaster Klaas Kingma

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

It ferhaal fan de klok is ek spesjaal. "De âldste klok is fan 1381, doe wie hjir al in tsjerkje yn Nyegea. Letter is der in gruttere klok bykaam, ientsje út 1790. Mar yn de Twadde Wrâldoarloch binne alle klokken foardere. Dêrnei is dy grutte klok net weromkaam, mar dy âlde, lytsere wol."

Jierrenlang hie de tsjerke dêrnei mar ien klok, mar letter waard besletten dat der dochs wer in twadde klok komme moast. "Mar se hiene gjin jild foar in hiele grutte klok. Dêrom is de eardere lytse klok no de grutte klok."

Ferkeardom

Wat opfalt, is dat de tsjerke 'ferkeardom' stiet, mei de toer oan de eastkant. "It is gebrûklik dat dy oan de westkant stiet", seit Kingma. "Wêrom't it hjir oars is, is net hielendal dúdlik. Mar it hat nei alle gedachten mei de grûn te krijen. Dêrby is ek de yngong fan it doarp oan dy kant."

It is de bedoeling dat de tsjerke foar de krystdagen klear is. Dêrnei kin de tsjerke, as it goed is, wer jierren mei.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by de tsjerke yn Nyegea

(Advertinsje)
(Advertinsje)