Kollum: "2.000 kilo ûnwennigens"

24 nov 2020 - 08:15

"Somtiden is der in programma dat stúmjende presidinten, lekkende advokaten en miljoenen faksinaasjes nei de eftergrûn kringt. Sa'n programma kaam ôfrûne wike foarby, de dokumintêre 'Bart en de steen die terug naar huis ging'.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Keunstner Bart Eysink Smeets hie yn 2019 betocht om in swerfstien út Drinte werom nei syn oarsprong te bringen. Hy krige dat idee, doe't er mei in geologyske toer by it Hunebedsintrum hearde datst de oarsprong fan stiennen behoarlik sekuer efterhelje kinst. Om't de measte stiennen yn Drinte mei de iistiid út Skandinavië wei hjirhinne rekke binne, frege er him ôf oft se net ûnwennich wiene. En oft er net ien fan dy stiennen nei hûs ta bringe moast?

Sa betocht, sa dien. Wat folge wie in ûndernimming dy't like absurd as grappich en oandwaanlik wie. Earst wie it al in toer om in geskikte stien te finen. Net dat dêr te min fan wiene, mar de fraach fan wa't dy wiene tsjinne him oan. Fan de gemeente? Fan de provinsje? De natuer is al miljoenen jierren yn beweging sûnder dat dêr minsken by wiene. No is de minske der, en bemuoit dy him dêr wakker mei.

De minske makket regels, betinkt foarskriften hoe't der mei de natuer omgien wurde moat, bepaalt yn dit gefal fan wa't sa'n stien is. Lang om let krige Bart in stien tawiisd dy't midden op in rotonde by Borger lei. Dy stien kaam oarspronklik fan Åland, in eilân by Finlân, sa die bliken. Wylst Bart Eysink Smeets in crowdfunding begjint om it nedige jild byinoar te swyljen, lit er de stien earst nei it sintrum fan Borger ferpleatse. Sa begjint it stientsje te rôljen.

Bart giet nei Åland en praat mei de boargemaster dêr, de museumdirekteur en de Nederlânske konsul. Sy sjogge it plan wol sitten en sizze ta om de stien te ûntfangen en in plakje te jaan. As er werom yn Nederlân is, kriget Bart in lulk mailtsje fan Ferry en Margrete fan natuurlijkewezens.nl. Dy fine it stom dat er de stien samar ferplakke wol, sûnder dy stien sels te freegjen. Bart nûget harren út om dat foar him te dwaan, en aldergeloks wol de stien wol werom nei Åland. Neffens Margrete, teminsten. Fierder kriget de keunstner noch in kolleksje lytse Ålandstientsjes fan in man út Drachten om mei te nimmen, is der in Finske taksateur dy't de wearde fan de stien yn ferbân mei de btw bepale moat, en kriget er de fraach fan in Ålandske amtner oft de blêden ek fuortblaasd wurde moatte fan it plak dêr't de stien komme sil.

De dokumintêre is in triomf fan de ferbylding. In ferhaal oer de relaasje fan de minske mei de natuer, in ferhaal oer emoasjes en de sucht ta bemuoien. Want hoe sit it bygelyks mei oalje út Alaska of oalje út it yndianegebiet fan Standing Rock? Fan wa is it reinwâld? Wa is de eigener fan kostbere mineralen út de djippe ûndergrûn?

Sokke fragen smyt it projekt fan Bart Eysink Smeets op. Sadwaande is de keunstner in man dy't in berch ferset, troch mei ien stien om te tôgjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)