400 jongeren kinne talint ûntwikkelje yn projekt foar maatskiplike tsjinsttiid

24 nov 2020 - 07:59

Maatschappelijke Diensttijd Fryslân (MDT) hat sân ton subsydzje krigen om it projekt MDT Divers Friesland fan de grûn te krijen. De maatskiplike organisaasje wol yn seis Fryske gemeenten 400 jongelju helpe om harren talinten te ûntwikkeljen. "Maatskiplike tsjinsttiid is net nij, mar yn sa'n grut gebiet wol", fertelt projektlieder Wietske de Koe.

Foto: Shutterstock.com / Halfpoint

It projekt fan MDT, dat bestiet út fiif losse organisaasjes, set op 16 desimber útein en is rjochte op jongelju dy't wenje, wurkje of nei skoalle gean yn Smellingerlân, Waadhoeke, Harns, Hearrenfean, Eaststellingwerf en Súdwest-Fryslân. "Mei jongerein tusken de 14 en 27 jier wolle we oan de slach mei MDT Divers", fertelt De Koe. "Dat betsjut dat se tachtich oeren yn in healjier op ekspedysje geane."

Talinten ûntwikkelje

Der binne ferskate lokaasjes yn seis gemeenten dus. "Dêr kinne se oan de slach en betinke hoe't se har talinten ûntwikkelje kinne. Hoe sette je dy yn foar in oar? Se kinne nije minsken moetsje, de regio ûntdekke. Dat helpt wer mei in kar foar skoalle en wurk. Se meitsje in plan: watfoar workshops wol ik dwaan, watfoar aktiviteiten wol ik organisearje, by watfoar bedriuwen wol ik oan de slach?" Jongerein kin dat dwaan njonken skoalle of wurk, of bygelyks yn 'e fakânsje of yn in tuskenjier.

Net ôfhinklik fan gemeentegrinzen

It is belangryk dat de jongerein sels beslút wat se dogge, seit De Koe. En dat it yn ferskate gemeenten is, hat ek in foardiel: "Bist net ôfhinklik fan gemeentegrinzen. Ien dy't yn Drachten nei skoalle giet mar dêr net wennet, kin ek meidwaan. En learst ek wer fan elkoar."

De subsydzje is yn earste ynstânsje foar twa jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)