Modelspoarmuseum Snits ferkeapet part kolleksje: "Alle zeilen bijzetten"

24 nov 2020 - 07:14

In part fan de kolleksje fan it Nationaal Modelspoor Museum Sneek giet yn de ferkeap om't it museum jild nedich hat om troch de coronakrisis te kommen. It guod wurdt it kommend wykein ferkocht op in beurs yn it museum. "We moeten alle zeilen bijzetten om de komende maanden door te komen", seit museumdirekteur Jan Willem van Beek.

Modelspoarmuseum Snits ferkeapet part kolleksje

It is net sa dat der aanst lege fitrines yn it museum steane. "Het gaat om materiaal dat over en dubbel is en dat niet past in de collectie", fertelt Van Beek. "Dat wordt verkocht. Dat zijn bouwdozen, boeken, locomotieven, wagons, in diverse schalen. Een breed assortiment."

Museum oerein hâlde

It museum docht de ferkeap dus om oan jild te kommen, want it is net maklik op it stuit. "Het is gewoon heel rustig. Je merkt dat publiek wegblijft." Njonken de ferkeap moat it museum mear dwaan foar in bettere finansjele situaasje. "Het is absoluut niet genoeg. Gelukkig hebben we wat steun uit de fondsen en de overheid. We hebben nu een aanvraag liggen bij de gemeente, we hopen dat die ook een bijdrage levert. Zo hopen we het museum overeind te houden."

De bezoekersaantallen die we vroeger hebben gehad, die krijgen we niet zomaar terug.

As der in faksin is, wurdt it net fuortendaliks wer drok, tinkt Jan Willem van Beek

It Modelspoormuseum soe net it earste museum wêze dat omfalt, jout Van Beek oan. "Daar willen we niet bij horen. We hebben voor driekwart jaar reserves, maar als dit niet ophoudt, dan is het snel opgedroogd." Hy tinkt ek net dat it aanst fuortendaliks wer drok wurdt yn it museum, as der in faksin is. "Veel mensen kijken de kat uit de boom. De bezoekersaantallen die we vroeger hebben gehad, die krijgen we niet zomaar terug."

Belangrike perioade

Der komt in perioade oan mei wat skoalfakânsjes, gewoanwei in belangrike perioade foar it museum. "Meer dan de helft van onze bezoekers komt in de schoolvakanties, waaronder de kerst", seit Van Beek. "Daarvoor willen we ook nu leuke dingen bedenken, vooral voor kinderen. We gaan alles verlichten bijvoorbeeld. Zo willen we wat publiek trekken."

Kommend wykein dus earst de beurs, wêr't minsken guod fan it museum keapje kinne. "We houden de beurs en het museum gescheiden, met een aparte ingang. Iedereen kan naar de beurs en krijgt daarna korting voor het museum."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)