Doet Boersma kin net wachtsje om har nije skilderijen oan publyk te toanen

Keunstner Doet Boersma stiet te springen om har nije skilderijen oan it publyk sjen te litten. Se organisearret de kommende tiid spesjale Iepen Atelier Dagen. Troch it coronafirus kin in soad net trochgean, mar Boersma hat sûnt koart in nij atelier yn Ljouwert mei in soad romte, wêrtroch't sy it oandoart om minsken te ûntfangen. Tema fan har nije wurk is fruchtbere ierde.
© Doet Boersma
Doet Boersma skilderet altyd lânskippen, mar yn har nije wurk giet sy de djipte yn. Se skilderet likegoed natuer fan boppe as fan ûnder de grûn. "De woartels, it wetter, it siedzjen. Ik haw grut respekt foar de natuer en hoe't dit alles wurket", seit Boersma.
It is foar keunstners net maklik om yn dizze tiid fan beheiningen wurk sjen te litten, wylst je dat as keunstner sa graach wolle, sa ek Boersma. Sy hat sûnt de simmer in nij atelier oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert mei in soad romte. Se kin dêrom op in feilige wize minsken ûntfange mei de Iepen Atelier Dagen.
Boersma skilderet lekker troch as der minsken komme. "As se wat witte wolle kin ik se fan alles fertelle en sy kinne sjen hoe't ik wurkje."
Keunstner Doet Boersma
De Iepen Atelier Dagen binne fan 26 novimber 2020 oant en mei 10 jannewaris 2021: alle wiken fan tongersdei oant en mei snein fan 11.00 oant 17.00 oere. Utsein 25 en 26 desimber en 1 jannewaris.