De krystpakkettebiblioteek fan Koarnjum: yn in kuolkast lâns de dyk

Hy stiet der noch mar krekt en it is no al in sukses: it ultime krystidee dit jier komt op namme fan Alex Miedema út Koarnjum, want hy is de betinker fan de krystpakkettebiblioteek: in kuolkast op syn hiem mei guod deryn foar elkenien. "Dit is voor mensen die helemaal geen pakket krijgen."
Alex Miedema © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De kuolkast stiet der al langer en die earst tjinst as 'lytse byb'. "In z'n vorige leven was dit een gewone koelkast, ik heb 'm een keer gekregen van een horecaondernemer op de Veluwe", fertelt Miedema. Hy lei earder altyd boeken yn de kuolkast, mar sûnt dizze wike leit der wat oars yn. "Ik dacht: misschien is het leuk voor kerstpakketonderdelen. Als je dingen hebt in je pakket die je zelf niet zo leuk vindt, kun je het hierin doen."
Wat oars smite je it faak dochs fuort. "Iedereen heeft in z'n kerstpakket wel spullen die-ie niet hoeft. Weggooien is zonde, maar dan staat het een jaar in de kast en is het niet meer houdbaar. Dan is dit ook een manier om ervan af te komen."
De krystpakkettebiblioteek fan Alex Miedema is foar elkenien
It iten kin yn de kuolkast, dernjonken stiet noch in bakje foar oar guod. En der leit al fan alles yn: "Ik heb er eerst zelf wat spullen in gedaan en iemand uit het dorp nu ook. Het loopt al aardig." Dat begûn doe't Miedema syn idee twa wiken lyn oankundige yn de Facebookgroep fan it doarp. "Diezelfde avond stond er al een grote tas met spullen voor ons huis."
Wa't wat ha wol, kin dat sa pakke. Oanbelje hoecht net. "Liever niet zelfs", seit Miedema. "Gewoon erin stoppen en eruit halen. Ik hoef ook niet je rekening te zien, het is voor iedereen." Benaud dat der misbrûk fan makke wurdt, is Miedema net. Allinnich mei âld en nij hellet er it guod even nei binnen. "Maar op 2 januari zetten we 'm er weer neer."
Alex Miedema dielde syn idee op Twitter:
Op Twitter krijt it inisjatyf fan Miedema al aardich wat omtinken. "Mooi om het zo te verspreiden. In Andijk is al iemand die ook een kastje in elkaar heeft getimmerd. Ik hoop dat meer mensen het overnemen. Zet allemaal een koelkast in de tuin, zou ik zeggen!"