Sjen mei lûd: bline paralympiër Tristan Bangma kin wer selsstannich fytse

24 nov 2020 - 07:30

It is in dream dy't útkomt foar paralympiër Tristan Bangma fan Donkerbroek: de hurdfytser kin noch mar 1 persint sjen en rydt al syn wedstriden mei in piloat op in tandemfyts. Mar troch in nije technology mei 5G kin er no allinnich fytse, mei eardopkes yn dy't him hearre litte wat der om him hinne bart.

Tristan Bangma lit sjen hoe't de technology wurket:

Bangma op de fyts

Yn it Sportpaleis, in hurdrydbaan yn Alkmaar, lit hy sjen hoe't it wurket. Twa sensoaren foar- en efterop de fyts draaie rûn en bringe alles yn byld dat om Tristan hinne bart. Mei in telefoan yn de fyts wurde dy data ferstjoerd nei de cloud, wêrnei't in telefoan dy't Tristan by him hat it ôfspilet as lûd. Sa kin Bangma dus hearre oft hy earne yn 'e buert is.

As hy tichtby de muorre rjochts sit, heart Bangma dus rjochts yn syn earke in lûd. As der foar him in tsjinstanner sit, heart hy dat foar him. Sa kin er foar it earst yn hast tsien jier wer selsstannich op de fyts sitte.

Sjen mei lud Tristan

Hoop op baanwedstriden

De technology kin lykwols noch net oeral brûkt wurde. Bangma tinkt foaral dat er hjirmei folle mear traine kin, om't hy net alle dagen mear ôfhinklik is fan syn tandempartner. Foar wedstriden bûten op de dyk sil de technology net feilich genôch wêze.

Stikem hopet er wol op wedstriden op de baan: "Het Nederlands kampioenschap op de baan is al wel door mijn hoofd geschoten. Wie weet. Dit jaar komt zeker te vroeg, maar misschien is dat in de toekomst wel mogelijk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)