Stresstest foar it Fryske wettersysteem: ûndjippere marren of mear gemalen?

23 nov 2020 - 22:40

It systeem foar it Fryske boezemwetter hat op papier in soarte 'stresstest' hân om te sjen wat der nedich is om yn it jier 2100 noch goed te funksjonearjen. Om goed en skerp sicht te krijen op de problemen en de oplossingen is der útgien fan it opgean fan de seespegel mei 85 sintimeter neffens in meast fiergeande 'klimaatsenario' fan it KNMI. As it wetter heger komt te stean, wurdt it bygelyks dreger of ûnmooglik om wetter nei see te spuien lykas no.

De Hegemer Mar fan Yndyk ôf - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Neffens de meast fiergeande klimaatfoarsizzingen krije wy hiele drûge simmers en hiele wiete winters: ek no sjogge wy dat al faker. Foar it finen fan oplossingen binne foar it grutste part de meast fiergeande opsjes besjoen sa't helder wurdt wêr't de problemen ûntsteane foar bygelyks de natuer, de lânbou, de skipfeart en âlde gebouwen wêrfan't de fundaasje net goed oer lege wetterstannen kin. Yn 'e mande mei belanghawwenden wurdt dan stadichoan nei belied ta wurke dat nei 2023 liede moat ta maatregels dy't minder fier gean, mar wol wurkje.

'Fors bemalen'

Der binne seis oplossingsrjochtingen útwurke dy't fariearje fan in systeem dat natuerlik mei it heger wurden fan de seespegel omgiet ta grutte technyske yngrepen mei nije gemalen oan de Iselmar of Waadsee en nije poldergemalen.

Sa is der de fariant 'fors bemalen' wêrby't it wetterpeil dat no op 52 sintimeter ûnder NAP leit, hanthavene wurdt. Dan kinne je gjin wetter mear op it Waad spuie en leit de klam op it sa hurd mooglik ôffiere fan tefolle wetter en it sa gau mooglik wer ynlitte fan wetter by drûchte. Dan moatte der wol in tal grutte gemalen by komme om dat foarinoar te krijen en dat is net goedkeap.

It J. L. Hooglandgemaal Gemaal yn Starum - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Oan de oare kant fan it spektrum is de fariant 'mei de see omheech' mei in winterpeil fan +33 sintimeter boppe NAP en in simmerpeil fan -17 sintimeter ûnder NAP. Dat betsjut bygelyks dat der in soad natuergebieten yn de winter ûnder wetter komme te stean. Mar der binne ek farianten wêrby't it boezempeil yn it Fryske marregebiet mei twa meter omleech giet wêrtroch de marren hiel ûndjip wurde en de natuer dêr ferdrûget.

Moandeitejûn is dizze 'stresstest' foar it earst amtlik online presintearre oan leden fan de Steaten en it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)