Karbidsjitten yn regio's mei karbidtradysje mei trochgean: "Regels bliuwe itselde"

24 nov 2020 - 09:03

Yn regio's dêr't it sjitten mei karbid in tradysje is, mei it karbidsjitten ek mei de jierwiksel fan dit coronajier trochgean. Dit is in beslút dat it Veiligheidsberaad makke hat. It betsjut ek dat der yn Fryslân mei karbid sketten wurde mei.

Foto: Omrop Fryslân

In lanlik ferbod komt der dus net. Yn it Veiligheidsberaad sitte de foarsitters fan de 25 Veiligheidsregio's, ûnder wa boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. "We binne der net foar om it karbidsjitten op himsels te ferbieden", seit Buma.

Gjin ferdieldheid

Guon boargemasters yn oare regio's ferbiede it karbidsjitten wol. Mar fan ferdieldheid is gjin sprake, seit Buma. "It is no ek al sa dat ferskate gemeenten in regeling ha yn de Algemene Plaatselijke Verordening. Yn Fryslân ek." De regels sa't dy der no binne, bliuwe itselde, ferwachtet Buma. "Yn de iene gemeente hast in fergunning nedich, yn de oar jildt in meldingsplicht. Dat feroaret net."

Wat wol oars is, binne de coronaregels. "Dat wol ik dúdlik meitsje: it is net ferbean om karbid te sjitten, mar nim wol kontakt op mei dyn gemeente oer hoe't it dit jier sit. De feesten deromhinne kinne dit jier net trochgean. It karbidsjitten is yn Fryslân gjin yndividueel barren, mar dy groepen moatte lytser wurde. We wolle net dat âldjiersdei in nije fersprieding fan it firus feroarsaket."

Gjin ekstra slachtoffers

Der jildt al wol in ferbod op regulier fjoerwurk. Dat moat foarkomme dat it drok wurdt yn de sikehûzen mei fjoerwurkslachtoffers. Buma tinkt net dat it karbid derfoar soarget dat der dochs pasjinten yn it sikehûs bedarje: "Foar de karbidsjitter mei ûnderfining is it net sa'n probleem. We moatte derom tinke dat minsken sûnder ûnderfining net mei karbid oan de slach geane."

Sybrand Buma leit út wêrom't it karbidsjitten trochgean mei

(Advertinsje)
(Advertinsje)