Amelanner ried unanym: ûntwerp âldereinsintrum De Nieuwe Stelp kin trochgean
De gemeenteried fan Amelân hat ynstimd mei it kredyt foar it ûntwerp foar De Nieuwe Stelp, it âldereinsintrum dat op It Amelân komme moat. Dat moat yn totaal 13,7 miljoen euro kostje. De gemeente is noch op syk nei it finansierjen fan 1,6 miljoen euro. Ek moatte der oanpassingen dien wurde oan de omjouwing dy't noch 2 miljoen kostje út de begrutting. De ferwachting is dat it ûntwerp yn de rin fan 2021 klear is en dat de ried foar de ferkiezingen fan 2022 beslute kin oer de bou.
Soarchorganisaasje KwadrantGroep is wiis mei it beslút fan de gemeente. Earder hat de ried al besletten dat it sintrum op de lokaasje komme moat by it sportkompleks by Ons Hol yn Hollum. Dêr sitte ek de berne-opfang en it buerthûs. Wethâlder Piet IJnsen jout oan dat de romtlike prosedueren no úteinsette kinne: "Ik ben erg blij dat de raad hierachter staat en groen licht heeft gegeven voor de ontwerpfase. Dit betekent dat de architect direct aan de slag kan."
Jan Wijnberg fan Algemeen Belang Ameland makket him al jierren hurd foar de bou fan it nije kompleks. "De raad was gelukkig eensgezind", seit er. "Iedereen zag wel in dat dit onze laatste kans was, dus daar zijn we heel blij mee." Mei it jild dat der no beskikber steld wurdt, kinne de plannen makke wurde. "Het traject kan verder, dat is belangrijk."
Fan alle riedsleden hie Jeroen de Jong fan it CDA de measte beswieren. Syn fraksje is benaud dat de oerienkomst tusken de gemeente en KwadrantGroep juridysk net sterk stiet, mar wethâlder IJnsen seit dat de oerienkomst krekt sa jildt as in keapkontrakt fan in hûs.
As alles neffens planning ferrint, begjint de bou yn de twadde helte fan 2023 en kin âlderein fan 2025 ôf yn De Nieuwe Stelp wenje. De minsken dy't no yn de âlde Stelp wenje, ha dan foarrang. Dat soarchsintrum is ferâldere. "Dat staat er al 57 jaar en is helemaal achterhaald", seit Wijnberg. "Het personeel zegt zelfs dat ze er niet meer goed kunnen werken. Er moest iets gebeuren."