Forum voor Democratie-lieder Fryslân: "Baudet hat net adekwaat hannele"

Thierry Baudet is gjin listlûker foar Forum voor Democratie mear, hy hat him weromlutsen fanwegen de opskuor oer de jongerein-ôfdieling JFvD. Dy kaam yn opspraak fanwege antysemityske en homofobe berjochten fan it bestjoer. "Ik fyn dat hy dêr net adekwaat op reagearre hat. Dat is hiel spitich, want Baudet is dochs in hiel grut part fan Forum," seit fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie yn de Fryske Steaten.
© Omrop Fryslân
"Ik tink dat hy ûngelokkich hannele hat yn dizze kwestje. Ik wit net oft dizze aksje no fuortendaalks nedich wie, mar ik fyn dat hy binnen de partij mear dwaan moatten hie mei de lûden fan ûnfrede. Hy hat in prachtige útstrieling en kin it ferhaal moai fertelle, mar op guon punten hat er dochs wat lizze litten," sa jout Goudzwaard oan. Dêr heart it gedoch fan de JFvD (Jongerenorganisatie Forum voor Democratie) by.

"Dit wie net myn winsk"

Goudzwaard is tige ferrast troch it nijs fan it opstappen fan Thierry Baudet. "Ik moat it eins ek efkes op my ynwurkje litte. It wie net fuort myn earste winsk. Dat wie dat der in nije ôfdieling oprjochte wurde soe. Mar Thierry hat in oar beslút makke. Miskien pakt dat ek wol better út foar de partij, dat wit ik noch net."

Goudzwaard: nij bestjoer JFvD nedich

Goudzwaard woe sels dat it bestjoer fan de JFvD opstappe soe. "Dat hiele antysemityske gedoch dêr hat de jongereinôfdieling net adekwaat op reagearre, de lieder fan de JFvD stie hiel min yn it artikel yn it Parool. Dus wy woene net in yntern ûnderysk ôfwachtsje. It bestjoer is gewoan net kapabel genôch, dus it moat sanearre wurde. It moat opnij opboud wurde mei nije seleksjeprosedueren. Dêr woene it bestjoer en Baudet lykwols net oan."
Dêr hat ek oerlis oer west. "Yn it wykein hawwe wy mei meardere FvD-politisy petearen oer hân, dêr wie ik ek by belutsen. Wy hawwe útsprutsen dat der no echt trochpakt wurde moat. Ut Fryslân wei haw ik net iens in hiel soad reaksjes krigen. Mar mei it each op de ferkiezingen wiene sy it wol mei my iens dat dit barre moast. Want it bleau mar troch otterjen. Je moatte der resolút ôfstân fan nimme, dan moat dy kop der ek ôf. In soad minsken wiene dat mei my iens."
Thierry Baudet © ANP

"Forum is mear as Thierry"

Goudzwaard tinkt wol dat de partij fierder kin sûnder Baudet as lieder. "Wy hawwe sokke goeie minsken, ek op de list foar de Twadde Keamer. Theo Hiddema, ús europarlemintariërs, ús senatoaren en de minsken yn de provinsje. Dan is it te koart troch de bocht om te sizzen dat Baudet Forum voor Democratie is. Wy moatte sjen hoe't de kommende dagen rinne. Wy hawwe binnen Forum in goeie groep minsken. Us ferkiezingsprogramma bliuwt stean. As wy dat op in goeie wize nei bûten bringe kinne, dan sjoch ik de ferkiezingen mei alle betrouwen yn 'e mjitte."
Fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard