"Bytsje earmoedich dat SC Hearrenfean it balbesit oan RKC lit"

23 nov 2020 - 18:02

SC Hearrenfean kaam tsjin RKC Waalwijk net fierder as in lykspul (1-1), mei troch in betide reade kaart foar Sieben Dewaele. Dochs steane de Feansters kreas op it sechde plak yn de earedifyzje. Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fierder oer dy wedstriid. Ek giet it oer SC Cambuur, dat De Graafschap relatyf ienfâldich ferslaat en efter Almere City twadde stiet yn de earste difyzje.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

It fernuveret Arjen de Boer, dy't ferslach die fan SC Hearrenfean út Waalwijk wei, dat it de bal oan tsjinstanner RKC joech. "Dat fyn ik somtiden wol in bytsje earmoedich. Neffens my hie Hearrenfean 30 persint balbesit tsjin de numer 15 fan de earedifyzje. Ik begryp dat je op de counter loere tsjin Ajax, Feyenoord, PSV en AZ. Mar, tsjin de nûmer 15 ferwachtsje je wat mear", fertelt Arjen de Boer.

Siem de Jong

It probleem fan Hearrenfean wie neffens Arjen de Boer dat it kreativiteit miste. Om dat probleem te ferhelpen soe Siem de Jong yn byld wêze as fersterking, sa liet Voetbal International moandei witte. Ferslachjouwer Andor Faber freget him ôf oft De Jong dat wol oplosse kin. "Dat is ek net echt in kreative man, dochs?" Neffens Arjen de Boer wol: "It is in kreative nûmer tsien, hy kin in doelpunt meitsje, mar der is ien probleem: hy is altyd blessearre."

Sawol de saakwaarnimmer fan De Jong as technysk manager Gerry Hamstra wolle net reagearje. Dat makket it foar ferslachjouwer Geert van Tuinen wol helder: "Dan is it dúdlik, meitsje it berjocht mar klear."

Sloopkûgels

SC Cambuur wûn tongersdei mei 2-0 fan De Graafschap. In knappe prestaasje, neffens ferslachjouwer Geert van Tuinen. "In terjochte oerwinning. It binne sloopkûgels dêr efteryn by De Graafschap." Ien dêrfan, Ted van de Pavert, joech Jamie Jacobs noch in behoarlike tik yn de oanrin nei it twadde doelpunt. "Se spylje betonfuotbal", is de konklúzje fan ferslachjouwer Andor Faber. "En dan hawwe se ek noch sa'n ferskriklike trainer en sa'n Seuntjens dêr foaryn."

Krekt foar de wedstriid tsjin De Graafschap krige Cambuur noch wol minder nijs: de stadionplannen lizze foarearst stil, om't projektûntwikkeler Wyckerveste de plannen net rendabel krijt. Dochs tinkt Geert van Tuinen dat it wol goed komt: "Sjoen de histoarje is it symptomatysk dat dit der ek noch efteroan komt. Mar dit hiele ferhaal is yn sa'n fier stadium, der wurdt al boud sels, dat it punt fan 'no return' berikt is."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)