Plysje nei ynfal Tsjom: 'Hûnderten kilo's swier fjoerwurk wiene net goed opslein'

23 nov 2020 - 17:13

It fjoerwurk dat oantroffen is by ynfallen yn de gemeente Waadhoeke, lei net goed opslein. Dat seit de plysje. It giet om hûnderten kilo's.

Fjoerwurk

Neffens de plysje is it meastal sa dat fjoerwurk yn sokke gefallen net goed opslein is. It soe no de omjouwing net direkt yn gefaar brocht ha, omdat it fjoerwurk op de romte lei.

Neffens de plysje is dit net de earste grutte fynst, en wurdfierder Ingrid Coenen ferwachtet 'zeker' dat der noch mear fûn wurdt. Se ropt minsken op om de plysje te beljen, as se wat sjogge dat fertocht is. De fynsten yn de gemeente Waadhoeke binne dien nei in melding by Meld Misdaad Anoniem.

Earder op de dei waard al dúdlik dat der swier en profesjoneel fjoerwurk oantroffen is yn trije plakken yn de gemeente Waadhoeke,. Trije fertochten sitte fêst.

Behalve fjoerwurk is der ek 'een flinke hoeveelheid' kontanten oantroffen, en stellen guod. De plysje pakt de saak heech op, seit Coenen.

Plysjewurdfierder Ingrid Coenen

Trefwurden: 
plysje ynfal fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)