Fryske bedriuwen krije hast 240 miljoen foar útkearing leanen yn coronatiid

23 nov 2020 - 16:54

Fryske bedriuwen hawwe yn de earste twa NOW-rûnten (Noodmaatregel Overbrugging Werkgelegenheid) hast 240 miljoen stipe krigen om leanen út te beteljen. Fierwei de grutste ûntfanger is ferfiersbedriuw Arriva dat fia fjouwer bedriuwen mear as 21 miljoen euro ûntfongen hat. Dat docht bliken út sifers fan it UWV (Uitvoeringsinstituut Werknemers Verzekeringen).

In bus fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

NOW stiet foar 'Noodmaatregel Overbrugging Werkgelegenheid'. Dat is in troch it kabinet betochte regeling om bedriuwen oerein te hâlden dy't mei grutte omsetferliezen te krijen hawwe fanwege de coronakrisis. Bedriuwen kinne by it UWV oanklopje as se te krijen hawwe mei mear as 20 persint omsetferlies. De earste NOW-rûnte einige op 1 july. De twadde rûn op 1 oktober ôf. Foar in tredde regeling kinne bedriuwen noch oant 13 desimber in oanfraach dwaan.

Arriva measte jild

Arriva beset mei trije bedriuwen de earste trije plakken op de list fan bedriuwen dy't it measte jild oanfrege hawwe. Dêrnei folget in list mei faak bekende grutte bedriuwen dy't in flink bedrach oan stipe binnen helle hawwe. Nei Arriva binne dat bygelyks Rederij Doeksen, Faber Audio Visuals, Solidd Steel út Sumar, AB Vakwerk, ynpakbedriuw Quadient út Drachten, de boubedriuwen Van Wijnen, Dijkstra Draisma en Jorritsma en de fuotbalklups Hearrenfean en Cambuur. Oft se it jild allegearre hâlde meie, moat bliken dwaan as de echte sifers bekend en kontrolearre binne.

Rederij Doeksen

De oanfraach fan Doeksen is wol opfallend. De rederij frege in lytse oardel miljoen euro stipe oan yn de earste perioade oant 1 july. Mar fan 1 july oant 1 april, doe't de boaten wer farre mochten is gjin stipe oanfrege. Direkteur Paul Melles seit dat fan 1 oktober ôf wol wer in oanfraach dien wurdt. Ek SC Hearrenfean frege yn de earste ronde wol help oan mar yn de twadde net.

Yn de earste ronde krigen 4.434 bedriuwen stipe út de NOW-regeling. Yn de twadde ronde wienen dat der mei 1.779 in stik minder.

Foar de folsleine listen as PDF-bestân klik foar NOW-2 en klik hjir foar NOW-1.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)