Frachtwein oer de kop by Boalsert, N359 tydlik ôfsletten

23 nov 2020 - 16:36

Op de Sudergoawei by Boalsert is in frachtwein kantele. De frachtwein foel om op de rotonde njonken de ôfslach nei Snits ta, op de N359.

Foto: CAMJO Media

Brânwacht, ambulânse en plysje binne op it plak fan it ûngelok. De sjauffeur fan de frachtwein is troch ambulânsepersoniel behannele. De plysje hat de dyk tydlik ôfsletten.

It is net bekend hoe't it kin dat de frachtwein omfallen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)