Ljouwerter krijt wurkstraf foar it stellen fan ljedders

23 nov 2020 - 16:14

In man út Ljouwert hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen omdat er twa ljedders fan in skildersbedriuw stellen hie. De man sei dat hy it bedriuw in leske leare woe. Hy hie al in pear kear warskôge dat it bedriuw de ljedders efter de doarren sette moast, mar dat barde mar net. Om in died te stellen hat er se, tegearre mei in maat stellen.

Foto: Shutterstock.com (Zephyr_p)

De fertochte sei dat er de ljedders de oare deis werombringe soe. De rjochter leaude neat fan dat ferhaal en joech de fertochte in wurkstraf, ek fanwege in rút dat de man ynsmiten hie by opfangorganisaasje Zienn, om't se him der dêr net yn litte woene. De saak tsjin de man syn maat wurdt letter behannele.

Trefwurden: 
rjochter ljedder
(Advertinsje)
(Advertinsje)